Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hildegard fan Bingen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hildegard von Bingen)
Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Hildegard fan Bingen set har fisioenen op waakstabletten. Har sektaris Volmar skriuwt se oer op perkamint

Hildegard fan Bingen (Bermersheim, by Alzey, Mid-Dútslân, 1098Rupertsberg, by Bingen, 17 septimber 1179) wie in Dútske benediktynske abdis dy't jildt as earste fertsjintwurichster fan de Dútske midsiuwske mystyk. Hja wie ûnder mear warber op it mêd fan religy, kosmology, wittenskippen, filosofy, komposysjes, poëzy, plantkunde en linguïstiek. Hja wie de earste komponiste út de skiednis fan de klassike muzyk fan wa't de namme witten is.

Op 10 maaie 2012 waard Hildegard hillich ferklearre en 7 oktober 2012 waard hja as tsjerkleararesse erkend, beide fan Paus Benediktus XVI útfierd.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]