Hermann Hesse
Hermann Hesse | ||
skriuwer | ||
Hermann Hesse yn 1927 foto Gret Widmann | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 2 july 1877 | |
berteplak | Calw | |
stoarn | 9 augustus 1962 | |
stjerplak | Montagnola | |
wurk | ||
taal | Dútsk | |
bekendste wurk(en) |
Demian, Siddhartha, De steppewolf, Narziss und Goldmund | |
prizen | Nobelpriis foar de Literatuer 1946 | |
offisjele webside | ||
gjin |
Hermann Karl Hesse (Calw (Dútslân), 2 july 1877 – Montagnola (Switserlân), 9 augustus 1962) wie in Dútsktalige Switserske skriuwer, dichter en keunstskilder. Yn 1946 krige er de Nobelpriis foar Literatuer.
Libbensbeskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hesse waard berne yn Calw, yn it noarden fan it Swarte Wâld, wie soan fan piëtistyske âlden dy't misjonarissen yn ûnder oaren Yndia west wiene. Hesse waard grutbrocht yn in beskerme yntellektuele sfear. Thús rekke er al gua bekend mei de wrâldliteratuer, om't syn learde pake, de ferneamde misjonaris en taalkundige Hermann Gundert, in grutte bibleteek besiet. Dêr bestudearre Hesse ek foar it earst it boedisme. It resultaat soe letter yn de roman Siddhartha werom te kennen wêze.
Yn syn jonkheid wie Hesse in muoilik bern en dêrtroch hat er jierren op ferskate ynstituten tahâlden. Ek wie in koart skoft seminarist yn it kleaster Maulbronn. Meidat er 'allinne dicht en oars net wurde woe' flechte er it kleaster út. Nei in tal drege puberteitsjierren waard er learling yn in pear antikwariaten/boekhannels. I súkses fan syn yn 1904 ferskynde boek Peter Camenzind stelde him by staat him folslein oan it skriuwen te wijen. Hy ferhuze dêrfoar nei Gaienhofen oan de Untersee (Bodenmar) gelegen. Yn 1904 boaske er oan Marie Bernoulli en krige trije soannen, Bruno (1905), Heiner (1909) en Martin (1911). It houlik waard lykwols yn 1923 ûntbûn. Yn jannewaris 1924 boaske Hesse op sterk oanstean fan har heit mei Ruth Wenger, in Switserske. Dat houlik waard op fersyk fan Ruth yn 1927 ûntbûn. Yn 1926 krige Hesse kûnde oan Ninon Dolbin (b. Ausländer), in keunsthistoarika út Czernowitz. Al yn 1910 hie hja as studinte reägearre op Hesse's boek Peter Camenzind. Se boasken op 14 novimber 1931.
Hesse kearde him yn it geskrift "O Freunde, nicht diese Töne" (1914) tsjin it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch, mar melde him wol as frijwilliger. Om reden fan syn minne eagen waard er foar ôfkard foar militêre tsjinst en yn Bazel oansteld op it buru foar de Kriegsgefangenenfürsorge. Oant de ein fan WO I makke er tûzenen pakketten mei boeken en stjoerde dy nei Dútske kriichsfinzenen.
Yn 1924 waard er op 'en nij Switsersk staatsboarger en festige him yn Montagnola, Ticino, oan de Mar fan Lugano. Al fan 1923 ôf oan warskôge er foar it gefaar fan it opkommend nazisme en faksisme. Fan 1932 ôf wie syn wente in plak om te rêsten en in trochgongshûs foar talleaze, troch it nazyrezjym ferfolge skriuwers. Thomas Mann en Bertolt Brecht wiene de earsten fan in lange rige dy't by him thús opfongen en fierder holpen waarden.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1905 - Wiener-Bauernfeld-priis; (literatuerpriis fan de Stadt Wien, foar: Peter Camenzind)
- 1928 - Mejstrik-priis (Wiener Schiller-Stiftung)
- 1936 - Gottfried-Keller-priis
- 1946 - Nobelpriis foar de Literatuer
- 1946 - Goethepreis der Stadt Frankfurt
- 1947 - Earedoktoraat fan de Universiteit fan Bern
- 1950 - Wilhelm-Raabe-priis
- 1954 - Orden pour le mérite; (opnaam yn de yn 1842 fan Kening Frederik Willem IV fan Prusen oprjochte 'Oarder' foar wittenskippen en keunsten)
- 1955 - Friedenspreis des Deutschen Buchhandels
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In lytse karút
- 1904 Peter Camenzind, ISBN 3-518-39867-9
- 1906 Unterm Rad, ISBN 3-518-36552-5
- 1910 Gertrud, ISBN 3-518-37390-0
- 1913 Roßhalde, ISBN 3-518-36812-5
- 1915 Knulp
- 1919 Demian, ISBN 3-518-36706-4
- 1922 Siddhartha, ISBN 3-518-36682-3
- 1927 Der Steppenwolf, ISBN 3-518-36675-0
- 1930 Narziß und Goldmund, ISBN 3-518-36774-9
- 1932 Die Morgenlandfahrt, ISBN 3-518-37250-5
- 1943 Das Glasperlenspiel, ISBN 3-518-41335-X
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Middell, Eike: Hermann Hesse – Die Bilderwelt seines Lebens, Röderberg-Verlag, Frankfurt/M. 1975, o.ISBN
- Prinz, Alois: „Und jedem Anfang wohnt ein Zauber inne“ – Die Lebensgeschichte des Hermann Hesse, st 3742, Suhrkamp Verlag, Frankfurt/M. 2006, ISBN 3-518-45742-X
- Schneider, Christian Immo: Hermann Hesse, Verlag Beck, München 1991, ISBN 3-406-33167-X
- Limberg, Michael: Hermann Hesse. Leben, Werk, Wirkung, Suhrkamp Verlag (BasisBiographie Nr.1), Frankfurt 2005, ISBN 3-518-18201-3
- Singh, Sikander: Hermann Hesse, Reclam Verlag (UB 17.661), Stuttgart 2006, ISBN 978-3-15-017661-0
- Walther, Klaus: Hermann Hesse, dtv-porträt 31.062, Deutscher Taschenbuch Verlag, München 2002, ISBN 3-423-31062-6
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (dú) Hermann Hesse-portaal
- (in) Hermann Hesse-side by e Universiteit fan Kalifornje
- (in) Hesse op it webstee Nobelpriis
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hermann Hesse fan Wikimedia Commons. |