Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Heidehipper

Ut Wikipedy
heidehipper

mantsje yn simmerkleed

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai kwikkerts (Oenanthe)
soarte
Oenanthe oenanthe
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast

De heidehipper (Oenanthe oenanthe), fitop, kwikkert, stienbikker of stienfûgeltsje (Nederlânsk: tapuit) is in sjongfûgel út it skaai Oenanthe (kwikkerts) fan de ûnderfamylje Saxicolinae (paapkefûgels). Dizze ûnderfamylje waard earder as lytse lysterfûgels beskôge, no rekkene ta de famylje Muscicapidae (Miggesnappers). It is in fûgel fan drûge, sânige en rotsige gebieten dy't foerazjearret op de grûn en briedt yn kninehoalen. Heidehippers binne trekfûgels, en binne simmerdeis yn hiel Europa te finen. Teffens komme se foar yn Aazje en op beskate plakken yn noardwest- en noardeast-Kanada, Grienlân en Alaska. It is de ienichste fan de famylje dy 't sa fier noardlik foarkomt. Alle fûgels oerwinterje lykwols yn Afrika en moatte somtiids 1500 oant 2000 km nei harren briedgebiet ôflizze.

Grutte: 14.5-15.5 cm; Spanwiidte: 26-32 cm; Gewicht: 17-30 gram; Aaien: 5-6; Briedtiid: 14 dagen; Snaffel: koart en fyn. It mantsje kriget yn de maitiid in simmerkleed (briedkleed).

Heidehipper yn winterkleed.
Aaien fan 'e heidehipper.

Heidehippers frette meast ynsekten, mar ek spinnen, slakken en wjirms. Yn de hjerst ite hja ek wol beien.

Yn Nederlân is de heidehipper in seldsume briedfûgel yn de dunen en sânferstowingen. De soarte brette foaral op de Waadeilannen en ek wol yn de dunen fan Noard-Hollân en Súd-Hollân. Al yn de jierren '60 wienen der oanwizingen dat de fûgel efterút gie. Yn de jierren 1990 waard de heidehipper seldsum yn de dunen fan it fêstelân. Yn it binnenlân komt de heidehipper noch geregeldwei foar op de drûge heidefjilden en sânferstowingen op de Feluwe, yn Drinte en Súdeast-Fryslân. Benammen op it (Aekingersân by Appelskea) hâldt de heidehipper it út.[1] Trochstrings rekket de heidehipper lykwols hurd yn de bedelte. SOVON rûst de efterútgong tusken 1990 en 2007 op goed 5% it jier, en dêrnei noch mear: der briede yn 2007 noch sa'n 700 en yn 2018 mar sa'n 300 pear yn Nederlân.[2] De fûgel is yn 2007 as bedrige op de Nederlânsk Reade List byskreaun.
As gast is de fûgel net sa seldsum. Yn april/maaie en yn septimber binne rûnom yn Nederlân heidehippers op trochtrek waar te nimmen.

De heidehipper ken fjouwer ûndersoarten:

  • Oenanthe oenanthe leucorhoa ("Grienlânske heidehipper"): Noardeast-Kanada, Grienlân, Iislân
  • Oenanthe oenanthe oenanthe: Noard- en Midden-Jeropa, Sibearje, Noardwest-Amerika
  • Oenanthe oenanthe libanotica: Súd-Jeropa, Súdwest- en Midden-Aazje
  • Oenanthe oenanthe seebohmi ("Swartkielheidehipper"): Noardwest-Afrika; dizze ûndersoarte wurdt ek wol as aparte soarte (Oenanthe seebohmi) sjoen.
  • Bewenners fan (eardere) heidedoarpen wurde wol gekjeiend 'heidehippers' (of 'heidepiken') neamd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bijlsma, R.G., F. Hustings & C.J. Camphuysen, 2001. Avifauna van Nederland 2. ISBN 9074345212
  2. SOVON Verspreiding en aantalsontwikkeling van de tapuit in Nederland
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oenanthe oenanthe fan Wikimedia Commons.