Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Harry Potter and the Goblet of Fire

Ut Wikipedy
Harry Potter and the Goblet of Fire
algemiene gegevens
auteur J.K. Rowling
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy, berneboek
1e publikaasje 2000, Londen
oarspr. útjwr. Bloomsbury Publishing
rige
rige Harry Potter
● foarich diel Harry Potter and the
   Prisoner of Azkaban
● folgjend diel Harry Potter and the
   Order of the Phoenix
kodearring
ISBN 0 74 75 46 24X

Harry Potter and the Goblet of Fire is in boek yn it Ingelsk skreaun troch J.K. Rowling. It is it fjirde part yn in rige fan sân oer Harry Potter. It boek beskriuwt it fjirde jier fan de haadfiguer op in kostskoalle foar tsjoenders.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan it boek soe noch oerset wurde moatte troch Jetske Bilker by Utjouwerij Bornmeer. Hja wie ek de oersetster fan it earste diel, en hja wie fan doel ek de oare seis boeken oer te setten. De oersetting fan Harry Potter and the Goblet of Fire soe yn 't Frysk likernôch 'Harry Potter en de Fjoertsjelke' wêze moatte.

Der is ek in film nei it boek útkaam, dy't Harry Potter and the Goblet of Fire hjit.

Lykas alle jierren bringt Harry Potter de simmerfakânsje troch by syn ôfgryslike omke en muoike, dêr't de sfear dat jier noch minder as oars is, meidat harren bedoarne jonkje Melle Mûzema op dieet is. Harry kin net wachtsje oant er weromgean mei nei Swiniastate's Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus, om oan syn fjirde skoaljier te begjinnen. Ear't it safier is, wurdt er troch de Weasley-famylje op spektakulêre wize ophelle by de Mûzema's, om mei te gean nei de finale fan it wrâldkampioenskip swurkbal. Harry wit dan noch net dat der dat jier op Swiniastate in nóch grutter en spannender evenemint barre sil, dêr't ek learlingen fan oare, útlânske tsjoenderskoallen by fertsjintwurdige wêze sille. Nettsjinsteande alle opskuor en magyske barrens besyket er him dochs op syn leksums te konsintrearje. Wilens binne der ferskate tekens dy't oanjouwe dat Voldemort, mei help fan tsjustere tsjoenders, wer oan krêften wint. De eangst dat Hy-Dy Net-Neamd-Wurde-Mei opnij taslean sil, wurdt hieltyd grutter...
Oersette omslachtekst fan 'e Hollânske ferzje fan it boek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.