Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hameln-Pyrmont

Ut Wikipedy
Landkreis Hameln-Pyrmont
flagge wapen
polityk
soarte gebiet lânkring
lân Dútslân
bûnslân Nedersaksen
haadplak Lüchow
tal gemeenten 8
kenteken HM
Kreisschlüssel 03 2 52
sifers
ynwennertal 148.580 (2020)
oerflak 796,15 km²
befolkingstichtens 187 / km²
oar
stifting 1922
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 52°6′ N 23°0′ E
webside side lânkring Hamelen-Pyrmont

De Landkreis Hameln-Pyrmont is in lânkring yn it suden fan de Dútske dielsteat Nedersaksen. De lânkring ûntstie yn 1922 troch in fúzje fan de distrikten Hamelen en Pyrmont. Yn de lânkring wenje likernôch 150.000 minsken. De lânkring is de ferdielen yn 8 gemeenten en de haadstêd is Hamelen.

De lânkring leit yn it Weserberchlân oan de Boppe-Weser yn it suden fan Nedersaksen. It hiele gebiet wurdt troch middelgeberchtmes trochsnien. Yn it noarden leit it Süntel- en Weserberchtme, yn it easten de berchkaam Deister, it berchtme Osterwald, de Ith en de Thüster Berch. Yn it suden en it westen foarmet it Lipper Berchlân de grins mei de dielsteat Noardryn-Westfalen. De heechste punten fan de lânkring binne de Kanstein (441 meter) by Salzhemmendorf en de Hohe Egge (440 meter boppe seenivo) by Pötzen. De Weser rint fan noard nei súd troch Hamelen, dêr't de Hamel yn de Weser mûnet. Yn de gemeente Emmerthal yn it suden fan de lânkring streamt de Emmer út it distrikt Höxter yn de Weser.

De lânkring grinzget mei de klok mei begjinnend yn it noardwesten oan de lânkring Schaumburg, de regio Hannover en de lankringen Hildesheim en Holzminden (allegear yn Nedersaksen) en de lânkring Lippe (yn Noardryn-Westfalen).

Gemeenten yn Hamelen-Pyrmont

Ienheidsgemeenten

  1. Aerzen, flekke
  2. Bad Münder am Deister, stêd
  3. Bad Pyrmont, stêd, (selsstannige gemeente)
  4. Coppenbrügge, flekke
  5. Emmerthal (Sit: Kirchohsen)
  6. Hamelen, haadstêd, (grutte selstannige stêd)
  7. Hessisch Oldendorf, stêd
  8. Salzhemmendorf, flekke

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nedersaksen Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte

Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

· · Berjocht bewurkje