Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Kwame Nkrumah

Ut Wikipedy
Kaam Nkrumah by in steatsbesite oan 'e Feriene Steaten, 1961
Kwame Nkrumah

Kwame Nkrumah (Nkroful, 18 septimber 1909Boekarest, 27 april 1972) wie in Ganeesk steatsman en foartrekker yn it stribjen nei in feriene Afrika.

Kwame Nkrumah studearre sûnt 1930 as learaar. Dêrnei studearre hy sûnt 1935 ekonomy, sosjology, teology, rjochten en pedagogyk yn de Feriene Steaten. Yn al deze fakken studearre hy ôf. Nkrumah wie feralterearre troch de Italjaanske ynfal yn Etioopje. Etioopje wie tegearre mei Libearia destiids it ienichste ûnôfhinklike lân fan Afrika. Yn de Twadde Wrâldoarloch steunde hy de alliearden.

Nei de oarloch groeide it Afrikaanske nasjonalisme en de Afrikaanske ienheidsgedachte. Nkrumah trede al gau op as pleitbesoarger fan it Afrikaanske nasjonalisme. Alderearst stribbe hy nei ûnôfhinklikheid fan syn heitelân Goudkust (it lettere Gana). Mar hy seach soks mar as in begjin: dêrnei maosten yn syn fisy alle oare Afrikaanske steaten harren ûnôfhinklikheid krije en de swarte Afrikaanske steaten moasten in staatebûn foarmje op sosjalistyske grûnslach.

Unôfhinklikheid fan Gana

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In 1947 gie Nkrumah wer nei Goudkust en akseptearre op útnûging fan inkele pommeranten it amt fan sekretaris-generaal fan de United Gold Coast Convention. Yn 1949 bruts hy mei de UGCC en stapte mei de jeugdbeweging fan dy partij en inkele meistanners út de partij en rjochte de Convention People's Party (CPP) op. De CPP wie folle radikaler as de UGCC, dizze lêste partij stribbe in dialooch nei mei de Britske koloniale oerhearsker. De CPP woe fuortendaliks ûnôfhinklikheid.

Yn 1951 wûn de CPP de ferkiezingen fan Goudkust, mar in pear dagen letter waard Nkrumah arrestearre wegens agitaasje tsjin it Britske rezjym. Yn 1956 wûn de CPP wer de ferkiezingen. De Britten lieten Nkrumah frij op kondysje dat hy de 'ûnôfhinklikheid nó' eask falle liet. Hy woe dêr oan tajaan en waard doe premier fan Goudkust. Op 6 maart 1957 waard Goudkust ûnder de namme Gana ûnôfhinklik, as earste earde koloniaal lân yn Sub-Sahara Afrika. Yn 1960 waard Gana in republyk, en Nkrumah waard de earste presidint.

Nkrumah syn doel wie Gana om te bouwen ta in foarbyld foar Afrika middels de Akosombodaam by de Voltamar. De finansiering wie oarspronklik yn gearwurking mei de Britten, mar waard letter oernomd troch it Amerikaanske aluminiumbedriuw Kaiser en de Wrâldbank. By de bou fan de daam waard de regearing fan Nkrumah hieltiten korrupter, en doe't de Akosombodaam klear wie op 26 jannewaris 1966 wie Gana hast bankerot.

Nkrumah syn regearstyl wie tige autokratysk. Al yn 1964 waard de Union Party, de ienige opposysjepartij, ferbean en waard it lân in ienpartijsteat mei de Convention People's Party (CPP) fan Nkrumah as ienige talitten partij. Nkrumah liet him de Osagyefo, de 'Ferlosser' neame. Rûnom yn it lân waarden stânbylden fan Nkrumah setten en ûntstie der in persoansferhearliking. Nkrumah waard hieltiten minder populêr yn syn lân. In soad minsken seagen him leaver gean as kommen. Yn 1966, wylst Nkrumah in steatsbesite brocht oan Noard-Fietnam en de Folksrepublyk Sina, pleegde it leger in steatsgreep. Nkrumah gie dêrnei yn ballingskip yn it buorlân Guinee fan presidint Ahmed Sékou Touré. Touré wie krektas Nkrumah in oertsjûge pan-Afrikaan. Nkrumah waard ko-presidint fan Guinea.

In jier of wat letter gie Nkrumah nei Roemeenje om behannele te wurden tsjin kanker. Hy ferstoar op 27 april 1972 yn Boekarest.

Nei syn dea waard hy úteinlik dochs noch eare troch Gana. Boppedat waard in dei hâlden foar syn ferstjerren en krige hy in rêstplak yn Akkra dêr't syn monumint kaam te stean.

By in soad pan-Afrikanen stiet Nkrumah nettsjinsteande syn autoritêre regearstyl noch yn heech oansjen. Mei troch de ynset fan Nkrumah berikte Gana as earste koloniaal lân yn Swart-Afrika de folsleine ûnôfhinklikheid fan it memmelân. Dêrmei sette Gana de trend: tusken 1957 en 1980 waarden alle Afrikaanske lannen ûnôfhinklik.

  • Towards Colonial Freedom
  • What I mean by Positive Action, Accra 1949
  • Ghana. Autobiography of Kwame Nkrumah, 1957, herdruk 1970
  • I speak of Freedom: a Statement of African Ideology, New York 1964
  • Arkica must unite, 1963
  • Consciencism. Philosophy and Ideology fo Decolonization and Development
  • Neocolonialism, the last stage of Imperialism, 1965
  • Challenge of the Congo, 1967
  • Dark Days in Ghana, New York 1968
  • Handbook of Revolutionary Warfare, 1968
  • Two Myths: African Socialism revisited and The Myth of the Third World
  • Aflevering 5 Black Power uit de Pandora's Box documentares 1992 BBC[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: