Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Kastiel De Haar

Ut Wikipedy
Kastiel De Haar
Kasteel De Haar
bouwurk
Kastiel De Haar
Kastiel De Haar
lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
gemeente Utert
plak Haarzuilens
adres Kasteellaan 1
koördinaten 52° 7' 17" NB, 4° 59' 11" EL
bysûnderheden
type bouwurk Kastiel
boujier 14e iuw
1892-1912 restaurearre
arsjitekt P.J.H. Cuypers
boustyl Neogotyk
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 527891
offisjele webside
www.kasteeldehaar.nl
Plattegrûn fan it kastiel

Kastiel De Haar (Nederlânsk: Kasteel De Haar, earder: Het Huys te Haer) is in monumintaal kastiel yn it doarpke Haarzuilens, justjes noardwestlik fan de stêd Utert en is it grutste kastiel fan Nederlân. It kastiel waard yn 1892 fannijs yn neogoatyske styl opboud troch arsjitekt Pierre Cuypers. It kastiel hat njonken it haadgebou byhearrende gebouwen, lykas in kapel, en grutte tunen. It doarp Haarzuilens hat in sterke bining mei it kastiel. It doarp en it kastiel binne part fan it beskerme doarpsgesicht fan Haarzuilens.

Kastiel De Haar tekene yn 1646 troch Roelant Roghman
Ruïne fan Kastiel De Haar yn april 1887

It kastiel waard foar it earst neamd yn in akte fan 1391. Dêryn krige Boekel fan de Haar de grûn yn lien fan Hindrik II fan Fianen. It kastiel bestie doe net mear as in stins op in streamrêch fan in eardere ôfspjalting fan de Alde Ryn. De namme is ôflaat fan it Proto-Germaanske "hara" itjinge "sânige ferheging" betsjut.[1] Yn de rin fan de fyftjinde iuw wreide it kastiel him út. Yn 1449 boaske Yosina fan de Haar, dochter fan de lêste manlike erfgenamt fan de famylje De Haar mei Dirk fan Zuylen fan Harmelen en sadwaande kaam it kastiel yn hannen fan de famylje Fan Zuylen. Dêr komt de namme Haarzuylens dus wei.[2]

Yn 1482 by de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen waard it kastiel ôfbaarnd, mar waard yn de iere fyftjinde iuw fannijs opboud en mooglik sels fergrutte. It kastiel is neamd yn in list fan besittings fan Steven fan Zuylen yn 1506 en in list fan lienguod yn de Hearlikheid Utert yn 1536. De âldste ôfbylden fan it kastiel binne fan 1554 en litte sjen dat it kastiel doe al foar it grutste part weropboud wie. Nei't Johan fan Zuylen fan de haar yn 1641 sûnder bern ferstoar, rekke it kastiel stadichoan yn it neigean. It kastiel rekke swier skansearre by de Frânske ynfal yn it rampjier fan 1672. Ek yn swiere stoarm yn 1674 rekke it kastiel, deselde stoarm dy't de Dom fan Utert skeind hie.

Yn 1801 liet de lêste katolike Fan Zuylen yn Nederlân, de frijfeint Anton-Martinus van Zuylen van Nijevelt (1708-1801) it lângoed nei oan syn neef Jean-Jacgues van Zuylen van Nijevelt (1752-1846) fan de katolike takke fan de famylje yn de Súdlike Nederlannen. Hoewol't er en syn famylje banne oanholden mei it besit kamen se der net te wenjen. It kastiel fertutearze hieltyd mear en oan 'e ein fan de njoggentjinde iuw wie it net mear as in ruïne.

Restauraasje fan 1892

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It ynterieur yn de sintrale hal

Yn 1892 boaske de pakesizzer fan Jean Jaques, Etienne Gustave Frédéric Baron van Zuylen van Nyevelt van de Haar (1860–1934), baronesse Hélène de Rothschild, fan de Frânske takke fan de ferneamde famylje Rothschild. Doe't Etienne de kastielruïne fan syn heit Gustave van Zuylen (1818-1890) urve, sette it pear útein mei de restauraasje fan it kastiel dy't alhiel troch de famylje fan Hélène finansiere waard. Foar de restauraasje waard de ferneamde arsjitekt Pierre Cuypers ynhierd, dy't tweintich jier lang yn gearwurking mei syn soan Joseph Cuypers oan it projekt wurkje soe. It kastiel hat 200 keamers en 30 badkeamers, dêr't allinnich in stikmannich op de grûnferdjipping iepen foar it publyk fan binne. Cuypers ha in stânbyld fan himsels yn in hoeke fan de galery op de grûnferdjipping pleatst.

It kastiel krige de meast nijmoadrige foarsjennings fan dy tiid lykas elektryske ferljochting mei syn eigen aggregaat, en sintrale ferwaarming troch middel fan steam. De keuken wie foar dy tiid tige nijmoadrich en hat in grutte samling fan koperen potten en pannen en in grutte kôkkachel fan seis meter lang, dy't troch turf of koalen ferwaarme wurdt. De tegels yn de keuken binne fersierd mei de wapens fan de famyljes De Haar en Fan Zuylen, dy't spesjaal bakt waarden troch de firma Van Hulst yn Harns. Cuypers liet de neidruk lizze tusken de âlde en nije muorren en brûk ferskillende soarten bakstien. Foar it ynterieur liet er getten izer brûke.

Der binne guond ferwizings nei de famylje Rothschild, lykas de davidstjerren op de balkonnen yn de ridderseal en de wapen fan de famylje fuortendaliks dêrûnder op de skoarstienmantel. De wapenskylden en alliânsjewapens fan de famyljes Fan Zuylen en De Haar binne in soad oanwêzich. Gauris komt yn dekoraasjes in pylderke (Van Zuilen) en rútsje (De Haar) foar. Harren biedwurden, a majoribus et virtute en non titubans (yn grutheid en trêft net drúskjend) , stiet yn de ridderseal boppe de skoarstienmantel.

Hjoeddeistige eigeners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It kastiel mei de tunen út de loft wei sjoen
Wapen fan de famylje Van Zuylen van Nyevelt

Yn 2000 skreau de famylje Van Zuylen van Nyevelt de eigenerskip fan it katiel en de byhearrende tunen (45 hektare) oer oan de stifting Kasteel De Haar. De famylje hold lykwols it rjocht en útfanhûzje ien moanne it jier yn it kastiel. Itselde jiers kocht Natuermonuminten it omlizzende lângoed Haarzuilens fan 400 hektare. In grutskalige fernijing fan it kastiel en tunen sette yn 2001 útein enwaard yn 2011 dienmakke. Nei it ferstjerren fan de lêste manlike erfgenamt yn 2011, Thierry van Zuieln, ferkochten syn dochters de keunstsamlings en meubilêr oan de nije eigeners.

It ynterieur fan it kastiel is ryk dekorearre yn eklekstyske styl yn it gebou dy't yn neogoatyske styl ûntwurpen waard. De sintrale hal is fersierd mei byldhouwurk fan kalkstien en houtsierwurk dy't tinken docht oan it ynterieur fan in roomsk-katolike tsjerke. It sierwurk waard dien yn it wurkplak fan de famylje Cuypers yn Roermond, dy't sels it servys ûntwurpen hie. It ynterieur bestiet út meubilêr fan samlings fan de famylje rothschild, lykas âld Japansk en Sineesk diggelguod, ferskate âlde Flaamske tapytwurken en skilderings mei religieuze ôfbylden. Yn it midden is in koetse fan de frou of in Japanske shogun, dy't troch de famylje Rothschild skonken waard en dy't ien fan de twa dy't der yn de wrâld besteane is, dêr't de oare fan yn Tokio útstald stiet. Dat lûkt Japanske toeristen nei De Haar oan.

Om it kastiel hinne is in park dy't ûntwurpen waard troch Hendrik Copijn yn 'e mande mei Pierre Cuypers. Baron Etienne van Zuilen liet yn 1885 7000 folwoeksen beammen oanfiere, om't er fuortendaliks fan in park genietsje woe. Dêrtroch moast it doarp Haarzuilens, dat fuortendaliks njonken it kastiel lei, 1 km nei it easten ta ferpleatst wurde. It doarp waard yn midsiuwske styl weropboud mei in brink yn it midden, dy't ûntwurpen waard troch Pierre Cuypers. Allinnich de kapeltsjerke stiet der noch en is hjoed-de-dei part fan it kastielgrûn. It park waard oanlein yn Ingelske lânskipsstyl, wylst de tún om it kastiel hinne ynspirearre waarden troch de tunen fan it Paleis fan Versailles. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de tún brûkt om griente yn te ferbouwen en de beammen waarden brûkt as brânje om op te stoken. Nei de kriich waard it park en tunen fannijs alhiel opholpen.

De kleuren fan de famylje Fan Zuylen binne read en wyt. de wapen bestiet út trije reade pylders op in wyt fjild. De ferskate takken fan de famylje hawwe harren eigen farianten. It wapen libbet net allinnich fuort yn de kleueren fan it kastiel, mar ek yn hast alle wenten fan haarzuilens, sels yn de nijbou.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gerald J.W. van Berkel, Kees Samplonius, Het plaatsnamenboek: de herkomst en betekenis van Nederlandse plaatsnamen. Van Holkema en Warendorf, Houten (1989). ISBN 90-269-4321-0.
  2. www.haarzuilens.net/'t wapen fan Haarzuilens
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kateel De Haar fan Wikimedia Commons.