Fryslân (Nedersaksen)
It distrikt Fryslân (Dútsk: Landkreis Friesland) is in Landkreis yn it noardwesten fan Nedersaksen. Yn it westen grinzget it oan Wittmund; yn it noarden leit de Noardsee. Eastlik lizze de Jade en de Jadeboezem; der tuskenyn grinzget it oan de stêd Wilhelmshaven. Yn it suden leit Wesermarsch, it Ammerlân en Leer. Steatkundich sjoen heart ek it eilân Wangereach by Fryslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fryslân waard regearre troch lokale lieders oant yn 'e 15e iuw. Yn 1438 waard de steat Jever stifte, dy't in grutte ynfloed hie op Fryslân en East-Fryslân. De lêste persoan dy hearsker fan Fryslân wie, wie Maria fan Jever, oant 1575.
Nei it ferstjerren fan Maria fan Jever kaam Jever ûnder it regear fan Aldenboarch. Fan 1667 oant 1793 waard dat Anhalt-Zerbst, doe Ruslân, en yn de Frânske tiid earst Frankryk en doe Nederlân. Fan 1818 ôf wie Jeverlân wer in part fan Aldenboarch.
It hjoeddeiske distrikt Fryslân, dat yn 1939 oprjochte waard, is nei it suden grutter as it histoaryske gebiet.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It distrikt Fryslân leit yn it easten fan 'e histoaryske regio East-Fryslân. Skiedkeundich kin it distrikt ta it histoaryske Fryske gebiet rekkene wurde, mar steatkundich hat it mar koart part west fan it greefskip East-Fryslân.
It meast foarkommende lânskip binne de sompen, ek fean hat it lânskip hjir bepaald.
Wapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De liuw komt fan it wapen fan Jever; it wie in symboal fan 'e hearlikheid Jever, dy't bestie fan 1438 oant 1575. De haadkleur fan it wapen is azuerblau. Op it wapen is in liuw ôfbylde en twa Aldgrykske krusen
Stêden en gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stêden | Gemeenten |
---|---|
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nedersaksen | ||
---|---|---|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel | ||
Kreisfreie Städte Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg | ||
· · |