Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Eunuch

Ut Wikipedy
In Sineeske eunuch (foàr 1912).

In eunuch (útspr.: ['ønœx], likernôch: "eunuch"; meartal: eunugen, útspr.: ['ønœɣɘn], likernôch: "eunuggun")[1] is in oantsjutting foar in man of jonge dy't kastrearre is. It wurd is in ferbastering fan it Grykske εὐνοῦχος, evnouchos, mei deselde betsjutting. By sokke lju waard de kastraasje almeast op jonge leeftyd útfierd, ier genôch om grutte hormonale gefolgen te hawwen. Sa hiene eunugen in hege, 'froulike' stim, gjin of amper burdgroei en in oanlis om groulivich te wurden. Resint medysk ûndersyk hat oantoand dat eunugen trochinoar ek 13,5 jier langer libben as net-kastrearre manlju, mei't harren gebrek oan it hormoan testosteron derfoar soarge dat se har net of mar komselden oerjoegen oan riskant hâlden en dragen, lykas geweld. By de kastraasje waarden almeast de testikels ôfsnien, mar soms ek de penis, wat ta libbenslange ynkontininsje late. De eunuch-yn-wurding wie yn 'e regel in slaaf of in tsjinner, dy't oangeande syn kastraasje neat yn te bringen hie. It kaam ek wol foar dat de kastraasje, almeast by wize fan bestraffing foar in misdriuw, útfierd waard by in folwoeksen man. Yn sokke gefallen wiene der net folle hormonale gefolgen.

It doel fan it oanmeitsjen fan eunugen wie dat se in beskate maatskiplike rol spylje koene dêr't manlju en froulju net geskikt foar achte waarden. Faak tsjinnen se oan it hof fan in kening, keizer, sultan of kalyf, dêr't se dan almeast bestjoerlike taken hiene of belêstge waarden mei de fersoarging of bewekking fan 'e harem of de frou of konkubines fan 'e hearsker. Eunugen waarden tige geskikt achte foar bestjoerlike taken, om't se gjin neikommelingen fuortbringe koene, en dus inkeld yn it belang fan 'e hearsker wurkje soene en net yn it belang fan harren eigen famylje. (Dat tinken gie fansels foarby oan 'e mooglikheid dat eunugen omkesizzers of oare famyljeleden hawwe koene dy't se as erfgenamten beskôgen.) Foar fersoarging en bewekking fan 'e frou(lju) fan 'e hearsker waarden eunugen geskikt achte, om't se gjin oanstriid ta seks fielden. Eunugen waarden fierders ek wol ynset as algemiene tsjinners, soldaten of liifwachten.

Cixi, de lêste keizerinne-dûairiêre fan Sina, droegen en omjûn troch eunugen.

It ierste dokumintearre gefal fan in kastraasje dy't mei sin útfierd waard om in eunuch te meitsjen, datearret fan 'e ienentweintichste iuw f.Kr. út 'e Sûmearyske stêdsteat Lagasj. Eunugen binne ek bekend út it Alde Egypte, it Hettityske Ryk, it Assyryske Ryk, it Perzyske Ryk, it Alde Grikelân, it Romeinske Ryk, it Byzantynske Ryk, it Keizerryk Sina, Koreä, Fjetnam, Tailân, Birma, Yndia en it Osmaanske Ryk. Yn dielen fan West-Jeropa, benammen Itaalje, wie it oant yn 'e achttjinde iuw populêr en oant fier yn 'e njoggentjinde iuw noch ridlik gebrûklik om jonge sjongers te kastrearjen sadat se harren moaie hege sjongstim net ferlieze soene as se yn 'e puberteit rekken. Sokke kastrearre sjongers waarden lykwols net faak oantsjut eunugen, mar earder as kastraten.

Hjoeddeiske 'eunugen'

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed oan 'e dei wurde de likernôch 2 miljoen hijra's út Yndia, Pakistan, Nepal en Bangladesj frij algemien oantsjut as 'eunugen'. Dat binne lykwols eins transseksuëlen, fan wa't in lyts diel yndie út eigen wil in kastraasje ûndergiet, mar de grutte mearderheid net. De grutste groep 'eunugen' (hoewol't dy term yn dit ferbân as kwetsend beskôge wurdt en nea brûkt wurdt) binne manlju mei in fierfoardere foarm fan prostaatkanker, by wa't testosteron-depleesje tapast wurdt om 'e groei fan 'e kankersellen te fertraagjen.

In swarte eunuch fan 'e Osmaanske sultan.
(Foto út 'e 1870-er jierren troch Pascal Sebah)

Bekende eunugen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 396.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.