Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Erik Satie

Ut Wikipedy
Erik Satie
Erik Satie, 1905
(foto: Bibliothèque nationale de France)
Selsportret

Erik Alfred Leslie Satie (Honfleur, 17 maaie 1866Parys, 1 july 1925) wie in Frânsk komponist en pianist. Hy libbe as in bohemien, hearde ta de Paryske avant-garde. Hy wie maatskiplik in bûtensteander en waard sjoen as in koartswilige aparten-ien en provokateur. Syn oeuvre, dat foaral út piano- en toanielwurk bestiet, rekke nei syn dea fergetten. Dochs hie er by syn libben al ynfloed op oare komponisten, sa as Claude Debussy, Maurice Ravel, Darius Milhaud en Francis Poulenc, en letter ek op John Cage. De Amerikaan Cage wie de man dy't yn de jierren 40 wiisd hat op de moderniteit fan Satie en dêrmei joech er de oanset ta nij omtinken foar Satie en syn wurk, mar yn de jierren 70 fan de 20e iuw waard de muzyk fan earst Satie populêr.

Satie wie de foarrinner fan lettere muzykstreamings sa as it minimalisme, repetitive music, en it 'Teater fan it absurde'.

Satie hat yn Nederlân benammen bekendheid krigen troch de komponist, musikus en dirigint Reinbert de Leeuw. Hy wie de yntepretator fan Saties pianomuzyk (" Ceuvres de jeunesse pour piano").

  • Parade (1917), Ballet.
  • Relâche (1924), Ballet, dêryn: Cinéma (1924), Filmmuzyk.
  • Choses vues à Droite et à Gauche - sans lunettes (1912) foar fioele en piano
  • Je te veux (1897), Valse chantée.
  • Tendrement (1902), Valse chantée.
  • La diva de l’empire (1904), liet.

Piano foar 2 hannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Satie mei filmmakker René Clair by it meitsjen fan Entr'ace foar it ballet Relache
  • 3 Sarabandes (1887).
  • 3 Gymnopédies (1888).
  • 6 Gnossiennes (1890).
  • Sonneries de la rose + crois (1892).
  • Pièces froides pour piano (1893).
  • Descriptions Automatiques (1913).
  • Heures Séculaires et Instantanées (1914).
  • Les Trois Valses distinguées du Précieux dégouté (1914).
  • Avant-dernières pensées (1915).
  • Sonatine Bureaucratique (1917).
  • 5 Nocturnes (1919).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]