Ajmag
Ajmag (Mongoalsk: аймаг, ek oerset as aymag, aimag, aimaq of aimak; meartal: ajmguud) is in Mongoalsk en East-Turksk wurd, dat "stam" of "stamgroep" betsjut. It wurd wurdt brûkt om bestjoerlike gebieten, provinsjes, mei oan te tsjutten yn Mongoalje (en in stikje Ruslân).
Mongalje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Mongalje wurde provinsjes ajmag neamd. In ajmag is ûnderferdield yn somons (iental sum). Sum wurdt ek wol oerset mei 'distrikt. De haadstêd Ulaanbaatar is in aparte gemeente, ferdield yn stedsdistrikten, dat bûten de provinsjale yndieling falt.
De ajmags waarden ynsteld yn de Folksrepublyk Mongoalje nei de wapenstilstân yn de Sovjet-Japanske Grinskriich, dy't sletten waard mei Japan nei de Slach by Halhin Gol. Dêrnei folge yn 1941 in bestjoerlike herfoarming; de âlde yndieling út de ein fan de Kwing-dynasty waard fefongen troch yn yndieling yn 11 ajmags. Yn 1954 waard in part fan de súdlike Goby weromjûn oan de Folksrepublyk Sina en waard it synsteem fierder ferfine. Yn 1996 wie de lêste werstruktuerearring en sûnt bestiet it lân út 21 ajmguud:
List fan ajmguud
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ajmag | Mongoalsk | Haadstêd | Mongoalsk |
---|---|---|---|
Arhangaj | Архангай | Tsetserleg | Цэцэрлэг |
Bajan-Ölgi | Баян-Өлгий | Ölgi | Өлгий |
Bajanhongor | Баянхонгор | Bajanhongor | Баянхонгор |
Bulgan | Булган | Bulgan | Булган |
Darhan-Uul | Дархан-Уул | Darhan | Дархан |
Dornod | Дорнод | Tsjojbalsan | Чойбалсан |
Dornogovĭ | Дорноговь | Sajnsjand | Сайншанд |
Dundgovĭ | Дундговь | Mandalgovĭ | Мандал-Говь |
Govĭ-Altaj | Говь-Алтай | Altaj | Алтай |
Govĭsümber | Говь-Сүмбэр | Tsjojr | Чойр |
Henti | Хэнтий | Öndörhaan | Өндөрхаан |
Hovd | Ховд | Hovd | Ховд |
Hövsgöl | Хөвсгөл | Mörön | Мөрөн |
Ömnögovĭ | Өмнөговь | Dalanzadgad | Даланзадгад |
Orhon | Орхон | Erdenet | Эрдэнэт |
Övörhangaj | Өвөрхангай | Arvajheer | Арвайхээр |
Selenge | Сэлэнгэ | Sühbaatar | Сүхбаатар |
Sühbaatar | Сүхбаатар | Baruun-Urt | Баруун-Урт |
Töv | Төв | Zuunmod | Зуунмод |
Uvs | Увс | Ulaangom | Улаангом |
Zavhan | Завхан | Uliastaj | Улиастай |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aimags of Mongolia fan Wikimedia Commons. |