Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

AC/DC

Ut Wikipedy
AC/DC
band
logo fan AC/DC
logo fan AC/DC
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Australysk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Rock
Hardrock
bestean 1973 - no
label(s) Albert,
Atlantic,
East West,
Columbia
âld-leden Malcolm Young (gitaar) (1973–2014) †
Dave Evans (sang) (1973–1974)
Colin Burgess (drums) (1973–1975)
Rob Bailey (bas) (1974–1975)
Peter Clack (drums) (1974–1975)
Bon Scott (sang) (1974–1980) †
Mark Evans (bas) (1975–1977)
Simon Wright (drums) (1983–1989)
Chris Slade (drums) (1989–1994) (2015–2016)
leden
Sang Brian Johnson
Gitaar Angus Young
Gitaar Stevie Young
Bas Cliff Williams
Drums Phil Rudd
AC/DC yn 2009

AC/DC is in rockband út Austraalje. De fan oarsprong skotske bruorren Malcolm en Angus Young begûnen mei de band yn 1973 in Sydney. harren muzyk wurd gauris omskreaun as hardrock, bluesrock en heavy metal, mar sels neame se it gewoan Rock 'n' Roll.

Der wie in grut ferskaat oan besettingswikselingen foar dat it debútalbum “High Voltage”, útkaam yn 1975. De besetting waard stabyl om de Young-bruorren hinne, sjonger Bon Scott, drummer Phill rudd en bassist Mark Evans. Bassist Evans waard yn 1977 ûntslein syn ferfanger is Cliff Williams.

Yn 1980 kaam sjonger Bon Scot ûnferwachts te ferstjerren as gefolch fan alkohol fergiftiging. AC/DC tocht efkes oan stopjen, mar besleaten op syk te gean nei in nije sjonger, dit waard Brian Johnson earder fan Geordie. Letter dat jier namen se harren sânde studio-album “Back in Black” op dat wijd wie oan Bon Scott.

Rudd ferliet yn 1983 de band en waard ferfongen troch Simon Wright, dy’t op syn bar yn 1989 ferfongen waard troch Chris Slade. Drummer Phill Rudd kaam yn 1994 wer werom by de band. Mar ferliet de band wer yn 2014 as gefolch fan in tal strafbere feiten, hy krige acht moanne húsarrest. Hy waard ferfongen troch Chris Slade.

Yn april 2014 moast Malcolm Young de band ferlitte as gefolch fan demintens, it lêste optreden mei Malcolm Young wie op 28 juny 2010 yn Bilbao, Spanje hy ferstoar yn 2017 as gefolch fan dizze sykte. Syn ferfanger waard fûn yn omkesizzer Stevie Young. Nei in toernee yn 2016 naam de band in pauze, efkes wie net dúdlik of de band nog aktyf wie as net, mar yn 2020 kaam er mei in nij album “Power Up” in oade oan harren ferstoarne gitarist Malcolm Young.

Album Utbrocht op Label Single(s)
High Voltage 17 febrewaris 1975 Albert Love Song (Oh Jene)" / "Baby, Please Don't Go
T.N.T. 1 desimber 1975 High Voltage,
It's a Long Way to the Top (If You Wanna Rock 'n' Roll),
T.N.T.
Dirty Deeds Done Dirt Cheap 20 septimber 1976 Atlantic Jailbreak,
Dirty Deeds Done Dirt Cheap,
Love at First Feel,
Ride On
Let There Be Rock 21 maart 1977 Dog Eat Dog,
Let There Be Rock,
Whole Lotta Rosie
Powerage 5 maaie 1978 Rock 'n' Roll Damnation
Highway to Hell 27 july 1979 Highway to Hell,
Girls Got Rhythm,
Touch Too Much
Back in Black 25 july 1980 You Shook Me All Night Long,
Hells Bells,
Back in Black,
Rock and Roll Ain't Noise Pollution
For Those About to Rock We Salute You 23 novimber 1981 Let's Get It Up,
For Those About to Rock (We Salute You)
Flick of the Switch 15 augustus 1983 Guns for Hire,
Flick of the Switch,
Nervous Shakedown
Fly on the Wall 28 juny 1985 Danger,
Sink the Pink,
Shake Your Foundations
Blow Up Your Video 18 jannewaris 1988 Heatseeker,
That's the Way I Wanna Rock 'n' Roll
The Razors Edge 21 septimber 1990 Thunderstruck,
Moneytalks,
Are You Ready
Ballbreaker 22 septimber 1995 East West Hard as a Rock,
Hail Caesar,
Cover You in Oil
Stiff Upper Lip 28 febrewaris 2000 Stiff Upper Lip,
Safe in New York City,
Satellite Blues
Black Ice 20 oktober 2008 Columbia Rock 'n' Roll Train,
Big Jack,
Anything Goes,
Money Made
Rock or Bust 28 novimber 2014 Play Ball,
Rock or Bust,
Rock the Blues Away
Power Up 13 novimber 2020 Shot in the Dark,
Realize,
Demon Fire,
Witch's Spell,
Through the Mists of Time
Album Utbrocht op Label
If You Want Blood You've Got It 13 oktober 1978 Atlantic
AC/DC Live 27 oktober 1992 Atco
Live at River Plate 20 novimber 2012 Columbia